Oerset- & Marketingburo
Goeie, litte wy tegearre it Frysk sichtber meitsje.
Frisify is in taal-, oerset- en kommunikaasjeburo dat tsjinsten oanbiedt oan bedriuwen, organisaasjes en partikulieren yn Fryslân, mar ek dêrbûten.
Oer ús
Wat is Frisify?
Frisify hat as wichtichste doel om bedriuwen, organisaasjes en yndividuën te helpen harren Fryske identiteit ta útdrukking te bringen, online en ek offline. Dat docht Frisify ûnder oare troch te soargjen foar in sterke web presence (sichtberens op it ynternet), it berik fan sosjale media te fergrutsjen en kommunikaasje yn de Fryske taal effektiver te meitsjen. Frisify wol, lykas jo, op promininte en profesjonele wize omtinken jaan oan de Fryske taal.
Wat wy oanbiede
Mei in doel foar eagen
Lokalisaasje
It is wichtich om in breed publyk oan te sprekken yn harren foarkarstaal. Dêrom biedt Frisify lokalisaasje oan foar Fryske brûkers, lêzers of klanten. In tekst, dynamyske webside of wat oars ek wurdt sûnder problemen foar jo oerset.
Offline oersetting
Effektive kommunikaasje is krúsjaal, net allinnich fia it ynternet. Meitsje jo net drok om it oersetten fan dokuminten, marketingmateriaal foar in nije kampanje of wat oars ek. Frisify set in hiel soad talen oer nei it Frysk.
Online oersetting
Taalbarriêres binne der om ôfbrutsen te wurden. Frisify stiet foar probleemleaze kommunikaasje yn en tusken ferskate talen. Nim kontakt mei ús op foar help mei saaklike dokuminten, webteksten of sels persoanlike korrespondinsje.
Marketing en kommunikaasje
Kommunikaasje rjochtet him altyd op in doelgroep, hoe grut of lyts oft dy ek is. As bedriuw dat yn de Fryske mienskip stiet, set Frisify him yn om dy doelgroep sa effektyf mooglik te berikken.
Frisify wurke al foar
Kom yn de kunde
Wy komme derút!
Nim kontakt op fia [email protected]